Registreer .frl

Faakstelde fragen

Domeinen registrearje

Wa kin in .frl-domein registrearje?

.frl is foar elkenien beskikber. By de yntroduksje hawwe Fryske merken, bedriuwen en persoanen foarrang hân, mar op dit stuit kinst ek as net-Fries dóchs in .frl domein yn gebrûk nimme, bygelyks omdatst dochs in bytsje Fryslân yn dyn hert hast. Wol hawwe wy in pear algemiene regels yn de acceptable use policy opnommen.

Hoe kin ik in .frl-domein registrearje?

De measte webhostingpartijen yn Nederlân biede .frl oan as ien fan de ekstinsjes dêr’tst út kieze kinst. Kontrolearje earst oft de domeinnamme noch frij is. Dat kin by de webhostingpartij, of hjir op de hiemside.

Betink ek oftst allinnich in domeinnamme ha wolst, of ek webhosting en/of e-mail. Besjoch it oanbod fan ferskillende partijen en meitsje op basis dêrfan dyn kar. In seleksje fan de oanbieders fynst op ús Registrars-pagina.

Wat kostet in .frl-domein?

De priis foar in .frl-domein wurdt bepaald troch de registrars en resellers en sil dus fan partij oant partij ferskille. It leannet om prizen te fergelykjen foardatst dyn domein registrearrest. Kontrolearje ek de priis foar ferlinging, sadatst takom jier net foar ferrassingen komst te stean.

Wat binne premiumdomeinen?

Premium domeinnammen binne domeinnammen dy’t óf hiel koart binne, óf hiel algemien. Dizze domeinnammen binne foar in spesjaal taryf te registrearjen (de ‘premiumpriis’). Foar koarte domeinnammen (1 of 2 letters) nimst kontakt op mei dyn provider, sy kinne dizze domeinen fuortdaliks registrearje. Langere, algemiene domeinnammen wurde fia it Sedo-platfoarm ferkocht.

Ast in premiumdomein brûke wolst foar in idee dêr’t de Fryske mienskip as gehiel fan profitearret, nim dan kontakt mei ús op om te sjen wat wy foar dy dwaan kinne.

Kin ik ek in domein mei diakriten (byg. in dakje boppe de ‘a’) oanfreegje?

Ja! Yn tsjinstelling ta .nl, kinst by .frl wól de echt Fryske letters brûke yn dyn domeinnamme. In domein as sûkerbôle.frl is dus perfekt mooglik! Dit hjit in ‘IDN’, in ‘Internationalized Domain Name’. De ûndersteunde letters binne: á, é, ó, ú, â, ê, ô, û, ä, ë, ï, ö en ü.

Wy moatte wol earlik wêze: technysk wurket alles perfekt, mar hast kâns dat dyn e-mailprogramma of in bestelformulier op in webside muoite hat mei dizze tekens. Lit dat dy der lykwols net fan wjerhâlde kreatyf te wêzen mei dyn webside!

Domeinen ferhúzje

Hoe kin ik myn domeinnamme nei in oare provider ferhúzje?

In domeinnamme kin tsjintwurdich nei in oare provider ferhuze wurde. Freegje hjirfoar earst by dyn hjoeddeistige provider de autorisaasjekoade op en freegje harren in eventuele ferhúsblokkade fan it domein ôf te heljen. De autorisaasjekoade joust oan dyn nije provider, en sy starte de ferhuzing. Nei ien of mear e-mailtsjes en maksimaal fiif dagen wachttiid is it domein ûnder behear fan de nije provider.

Let op: ast in domein ferhuzest, ferhuzet de webhosting en dyn e-mail net mei. Nim hjirfoar kontakt op mei dyn nije provider.

Let derop datst de earste sechstich dagen nei registraasje, ferhuzing of hâlderwiziging gjin ferhuzing begjinne kinst.

Migrearje nei .frl

Hoe kin ik myn webside migrearje nei in .frl?

Ast al in besteande webside hast, bygelyks in .nl- of .com-domein, kinst dy nei dyn eigen .frl-domeinnamme migrearje. Oerlis mei dyn webhostingprovider wat de bêste manier is; mooglik kinne sy dy helpe mei in ienfâldige migraasje.

In pear oandachtspunten:

  • Foar dyn fynberens (SEO) is in .frl like goed as elke oare domeinekstinsje. Hâld der wol rekken mei dat it in pear dagen duorje kin ear’t Google alle nije pagina’s yndeksearre hat.
  • Dêrom is it ferstannich pagina’s fan dyn âlde webside troch te linken (redirect) nei dyn nije webside.
  • Tink net allinnich online, mar ek offline: op hokker oare plakken moatst dyn domeinnamme feroarje? Bygelyks briefpapier of fisitekaartsjes.
  • Wy riede sterk oan om de orizjinele domeinnamme net fuortdaliks op te sizzen. Sa bliuwe dyn redirects aktyf, en is der gjin risiko op misbrûk fan dyn namme.
  • Ta beslút: betink ek ris oft it nuttich is om dyn webside yn it Frysk oer te setten!

Domeinen beheare

Wat is registry lock?

Soms is in domeinnamme sa belangryk of weardefol dat de registrant kontrôle ha wol oer de namme en der benammen wis fan wêze wol dat de registraasje net wizige wurde kin sûnder eksplisite tastimming. Soks kin fan tapassing wêze op elke domeinnamme wêrfan’t de potinsjele downtime ta serieuze skea liedt.

Registry Lock is de tsjinst dy’t in ekstra befeiligingslaach biedt. Mei .frl Registry Lock kin gjin inkele eigenskip fan in domeinnamme wizige wurde sûnder eksplisite, hânmjittige tastimming foarôf.

Mear ynformaasje oer Registry Lock, ek foar de registrar dy’t de lock aktivearje moat, fynst op de spesjale Registry Lock-pagina.

Klachten oer in domein

Wêr kin ik terjochte as ik in klacht ha oer in .frl-domeinnamme?

Probearje earst kontakt op te nimmen mei de domeinhâlder. Dy kinst fine yn de whois. Slagget dat net, nim dan kontakt op mei de registrar, fan wa’tst de gegevens ek yn de whois fynst. Krijst gjin kontakt mei de registrar, lit it ús dan witte.

Wat kin ik dwaan as immen oars myn .frl-domeinname yn gebrûk hat?

Elke domeinnamme is unyk. Dat hâldt yn dat as in domein ien kear registrearre is, nimmen oars deselde domeinnamme registrearje kin. Yn prinsipe wurde domeinnammen útjûn neffens it prinsipe firstcome, firstserved. Dus as Sietske út Boalsert it domein sietske.frl fêstleit, en in oare Sietske út Ljouwert wol dat domein ek ha, dan sil dy lêste in alternatyf sykje moatte.

Dit jildt ek foar bedriuws-, merk- of produktnammen. It hawwen fan sa’n namme jout gjin rjocht op in korrespondearjende domeinnamme. Allinnich as de domeinnammehâlder mear as dúdlik misbrûk makket fan dyn merk- of bedriuwsnamme, is der in kâns datst de domeinnamme óf ôfslute litte kinst, óf oernimme litte kinst. Nim hjirfoar yn earste ynstânsje kontakt op mei de oanbelangjende domeinhâlder of registrar.

Foar registrars en resellers

Hoe kin ik .frl-domeinen oan myn klanten oanbiede?

Der binne twa manieren om .frl-domeinen te behearen foar dyn klanten:

  • As registrar: keapest as registrar direkt by FRLregistry B.V. yn. Betingst is datst in ICANN-accredited registrar bist. Mear ynformaasje.
  • As reseller: keapest as reseller dyn .frl-domeinen yn by in oare partij. Hjir binne gjin spesjale fereasken foar, oars as in oerienkomst mei dyn leveransier. Faak biedt dyn besteande leveransier, dêr’tst bygelyks al .nl en .com ôfnimst, ek .frl oan en hoechst neat te dwaan.

Kin ik in fermelding krije op registreer.frl?

Sawol registrars as resellers kinne neamd wurde op ús registrar-pagina. Op dizze pagina fynst ek hoe’tst sels yn it oersjoch opnommen wurde kinst.

Terminology

Wat binne premiumdomeinen?

Premium domeinnammen binne domeinnammen dy’t óf hiel koart binne, óf hiel algemien. Dizze domeinnammen binne foar in spesjaal taryf te registrearjen (de ‘premiumpriis’). Foar koarte domeinnammen (1 of 2 letters) nimst kontakt op mei dyn provider, sy kinne dizze domeinen fuortdaliks registrearje. Langere, algemiene domeinnammen wurde fia it Sedo-platfoarm ferkocht.

Ast in premiumdomein brûke wolst foar in idee dêr’t de Fryske mienskip as gehiel fan profitearret, nim dan kontakt mei ús op om te sjen wat wy foar dy dwaan kinne.

Wat is in domeinnamme en wat is in domeinekstinsje?

In domeinnamme is in ynternetadres sa’tst dat yn dyn webbrowser yntypst. Foarbylden binne google.com, nos.nl en meteo.be. Alles dat hjir foar of achter stiet, telt net mei foar de domeinnamme: yn in adres as “https://www.nos.nl/artikel/383472” is allinnich nos.nl de domeinnamme. De rest is nedich om in spesifike pagina op de webside oan te tsjutten.

It diel achter de punt is de ‘domeinekstinsje’. Dy stiet reedlik fêst: yn tsjinstelling ta de rest fan de domeinnamme, kinst hjir mar út in oantal opsjes kieze. Faak joust dermei oan wêr’t dyn webside him op rjochtet. Dat kin in lân wêze (.nl, .be), in stêd of regio (.frl, .amsterdam) of in algemiene oantsjutting (.com, .shop, .app).

Wat is in reseller?

In reseller is in partij dy’t .frl-domeinen net direkt ynkeapet by FRLregistry B.V., mar dat fia in tredde partij docht. It is hiel gongber om dyn domeinen fia resellers oan te skaffen, om’t der mar in beheind oantal bedriuwen is mei in direkt kontrakt mei FRLregistry B.V. Dit binne de registrars.

In oersjoch fan ferskillende resellers en alle .frl-registrars fynst op ús registrar-oersjoch.

Wat is in registrar?

In registrar is in bedriuw dat .frl-domeinen ynkeapet by FRLregistry B.V. Soms is dat dyn webhoster, mar faak sitte der noch ien of mear lagen leveransiers tusken. In oersicht fan alle .frl-registrars en inkele belangrike resellers (werferkeapers / tuskenpartijen) fynst op ús registrar-oersjoch.

Wat is in registrant?

In registrant is it bedriuw of de persoan dy’t in domeinnamme registrearret en as eigener opjûn is. In registrant wurdt ek wol ‘domeinhâlder’ neamd. Yn hast alle gefallen is dit de klant of de einbrûker.