Registreer .frl

Wêrom .frl

6

foar­dielen

Foar Friezen

In namme seit in soad oer wa’tst bist. Lit mei in Fryske domeinnamme sjen datst Frysk bist en sprek dyn Fryske doelgroep oan. Sa falst op yn Fryslân én de rest fan ’e wrâld.

In soad frije domeinnammen

In soad .frl-domeinnammen binne noch frij, yn tsjinstelling ta .nl of .com. Registrearje dêrom de domeinnamme dy’tst graach ha wolst, foardat in oar it docht!

Goed te finen

Mei in Fryske domeinnamme litst sjen wêr’tst te finen bist. Sykmasines sille dy dêrtroch earder toane as minsken yn Fryslân nei dy op syk binne.

As merknamme

Brûk de namme fan dyn produkt of tsjinst as domeinnamme én as merknamme. Sa bist mei kapper.frl dé Fryske kapper of litst mei bootverhuur.frl sjen datsto boaten ferhierst yn Fryslân.

As Mienskip

Brûk ek mei-inoar in .frl-domeinnamme. Museum.frl is bygelyks ít plak dêr’t alle Fryske musea har presintearje.

Alle lêstekens

Brûk alle Fryske lêstekens ék yn dyn domeinnamme. Fryslân.frl yn stee fan Fryslan.frl dus!

Fryske fans

Ik fyn .frl ien fan de moaiste aventoeren dy’t wy meimakke hawwe.
Henri de Jong Oprjochter Mijndomein en FRLregistry
.frl is unyk, ûnderskiedend én Frysk. De minsken yn Fryslân sjogge dat en wolle dêr ûnderdiel fan wêze.
Sietske Poepjes Deputearre Provinsje Fryslân
Us klanten fine it geweldich dat wy ús Fryske grutskens sjen litte.
Marleen Rijpkema Projektmanager WRK.frl/

Sille wy oerstappe?

Hast al in website? Ek dan is in .frl-domein ynteressant. Bygelyks om’tst dy dêrmei folle mear mei Fryslân ferbûn fielst. Of om’t dyn besteande domeinnamme in kompromis wie, en de perfekte domeinnamme binnen .frl wól beskikber is. Oerstappe nei in .frl-domein is net dreech, mar moat wol mei de goede oandacht barre.

Oer ús

Fryslân is in unyk plak mei in rike kultuer, in eigen taal en in sterke mienskip. .frl bringt dy identiteit nei it wrâldwide web, foar de 81.000 bedriuwen en de 650.000 ynwenners fan Fryslân en foar de goed 2 miljoen Friezen dy’t earne oars wenje en grutsk binne op harren komôf.