{"id":1804,"date":"2023-11-08T16:17:50","date_gmt":"2023-11-08T15:17:50","guid":{"rendered":"https:\/\/registreerfrl.bwhsite.nl\/veelgestelde-vragen\/"},"modified":"2023-11-23T10:51:47","modified_gmt":"2023-11-23T09:51:47","slug":"faakstelde-fragen","status":"publish","type":"page","link":"https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/faakstelde-fragen\/","title":{"rendered":"Faakstelde fragen"},"content":{"rendered":"<div class=\"wp-block-whitespace medium\" aria-hidden=\"true\"><\/div>\n\n<div class=\"block-faq-section \">\n\t<h2><\/h2>\t\t<div class=\"block-faq-section-items\">\n<div class=\"block-faq-section-inner\">\n<h3 class=\"faq-subject-heading\">\n  Domeinen registrearje<\/h3><div class=\"block-faq-section-item\">\n  <h4 class=\"faq-title\">\n    Wa kin in .frl-domein registrearje?    <span><\/span>\n  <\/h4>\n  <div class=\"faq-content\">\n    \n<p>.frl is foar elkenien beskikber. By de yntroduksje hawwe Fryske merken, bedriuwen en persoanen foarrang h\u00e2n, mar op dit stuit kinst ek as net-Fries d\u00f3chs in .frl domein yn gebr\u00fbk nimme, bygelyks omdatst dochs in bytsje Frysl\u00e2n yn dyn hert hast. Wol hawwe wy in pear algemiene regels yn de <a href=\"https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/policies\/\">acceptable use policy<\/a> opnommen.<\/p>\n  <\/div>\n<\/div><div class=\"block-faq-section-item\">\n  <h4 class=\"faq-title\">\n    Hoe kin ik in .frl-domein registrearje?    <span><\/span>\n  <\/h4>\n  <div class=\"faq-content\">\n    \n<p>De measte webhostingpartijen yn Nederl\u00e2n biede .frl oan as ien fan de ekstinsjes d\u00ear\u2019tst \u00fat kieze kinst. Kontrolearje earst oft de domeinnamme noch frij is. Dat kin by de webhostingpartij, of hjir op de <a href=\"https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/\">hiemside<\/a>.<\/p>\n\n\n\n<p>Betink ek oftst allinnich in domeinnamme ha wolst, of ek webhosting en\/of e-mail. Besjoch it oanbod fan ferskillende partijen en meitsje op basis d\u00earfan dyn kar. In seleksje fan de oanbieders fynst op \u00fas <a href=\"https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/registrars\/\">Registrars-pagina<\/a>.<\/p>\n  <\/div>\n<\/div><div class=\"block-faq-section-item\">\n  <h4 class=\"faq-title\">\n    Wat kostet in .frl-domein?    <span><\/span>\n  <\/h4>\n  <div class=\"faq-content\">\n    \n<p>De priis foar in .frl-domein wurdt bepaald troch de registrars en resellers en sil dus fan partij oant partij ferskille. It leannet om prizen te fergelykjen foardatst dyn domein registrearrest. Kontrolearje ek de priis foar ferlinging, sadatst takom jier net foar ferrassingen komst te stean.<\/p>\n  <\/div>\n<\/div><div class=\"block-faq-section-item\">\n  <h4 class=\"faq-title\">\n    Wat binne premiumdomeinen?    <span><\/span>\n  <\/h4>\n  <div class=\"faq-content\">\n    \n<p>Premium domeinnammen binne domeinnammen dy\u2019t \u00f3f hiel koart binne, \u00f3f hiel algemien. Dizze domeinnammen binne foar in spesjaal taryf te registrearjen (de \u2018premiumpriis\u2019). Foar koarte domeinnammen (1 of 2 letters) nimst kontakt op mei dyn provider, sy kinne dizze domeinen fuortdaliks registrearje. Langere, algemiene domeinnammen wurde fia it <a href=\"https:\/\/sedo.com\/search\/?showportfolio=7803b71807c624b0fb3a840e83263f660e469319\" target=\"_blank\" rel=\"noreferrer noopener\">Sedo-platfoarm<\/a> ferkocht.<\/p>\n\n\n\n<p>Ast in premiumdomein br\u00fbke wolst foar in idee d\u00ear\u2019t de Fryske mienskip as gehiel fan profitearret, nim dan kontakt mei \u00fas op om te sjen wat wy foar dy dwaan kinne.<\/p>\n  <\/div>\n<\/div><div class=\"block-faq-section-item\">\n  <h4 class=\"faq-title\">\n    Kin ik ek in domein mei diakriten (byg. in dakje boppe de \u2018a\u2019) oanfreegje?    <span><\/span>\n  <\/h4>\n  <div class=\"faq-content\">\n    \n<p>Ja! Yn tsjinstelling ta .nl, kinst by .frl w\u00f3l de echt Fryske letters br\u00fbke yn dyn domeinnamme. In domein as s\u00fbkerb\u00f4le.frl is dus perfekt mooglik! Dit hjit in \u2018IDN\u2019, in \u2018Internationalized Domain Name\u2019. De \u00fbndersteunde letters binne: \u00e1, \u00e9, \u00f3, \u00fa, \u00e2, \u00ea, \u00f4, \u00fb, \u00e4, \u00eb, \u00ef, \u00f6 en \u00fc.<\/p>\n\n\n\n<p>Wy moatte wol earlik w\u00eaze: technysk wurket alles perfekt, mar hast k\u00e2ns dat dyn e-mailprogramma of in bestelformulier op in webside muoite hat mei dizze tekens. Lit dat dy der lykwols net fan wjerh\u00e2lde kreatyf te w\u00eazen mei dyn webside!<\/p>\n  <\/div>\n<\/div>\n<\/div>\n\n<div class=\"block-faq-section-inner\">\n<h3 class=\"faq-subject-heading\">\n  Domeinen ferh\u00fazje<\/h3><div class=\"block-faq-section-item\">\n  <h4 class=\"faq-title\">\n    Hoe kin ik myn domeinnamme nei in oare provider ferh\u00fazje?    <span><\/span>\n  <\/h4>\n  <div class=\"faq-content\">\n    \n<p>In domeinnamme kin tsjintwurdich nei in oare provider ferhuze wurde. Freegje hjirfoar earst by dyn hjoeddeistige provider de <em>autorisaasjekoade<\/em> op en freegje harren in eventuele ferh\u00fasblokkade fan it domein \u00f4f te heljen. De autorisaasjekoade joust oan dyn nije provider, en sy starte de ferhuzing. Nei ien of mear e-mailtsjes en maksimaal fiif dagen wachttiid is it domein \u00fbnder behear fan de nije provider.<\/p>\n\n\n\n<p><strong>Let op<\/strong>: ast in domein ferhuzest, ferhuzet de webhosting en dyn e-mail net mei. Nim hjirfoar kontakt op mei dyn nije provider.<\/p>\n\n\n\n<p>Let derop datst de earste sechstich dagen nei registraasje, ferhuzing of h\u00e2lderwiziging gjin ferhuzing begjinne kinst.<\/p>\n  <\/div>\n<\/div>\n<\/div>\n\n<div class=\"block-faq-section-inner\">\n<h3 class=\"faq-subject-heading\">\n  Migrearje nei .frl<\/h3><div class=\"block-faq-section-item\">\n  <h4 class=\"faq-title\">\n    Hoe kin ik myn webside migrearje nei in .frl?    <span><\/span>\n  <\/h4>\n  <div class=\"faq-content\">\n    \n<p>Ast al in besteande webside hast, bygelyks in .nl- of .com-domein, kinst dy nei dyn eigen .frl-domeinnamme migrearje. Oerlis mei dyn webhostingprovider wat de b\u00easte manier is; mooglik kinne sy dy helpe mei in ienf\u00e2ldige migraasje.<\/p>\n\n\n\n<p>In pear oandachtspunten:<\/p>\n\n\n\n<ul class=\"wp-block-list\">\n<li>Foar dyn fynberens (SEO) is in .frl like goed as elke oare domeinekstinsje. H\u00e2ld der wol rekken mei dat it in pear dagen duorje kin ear\u2019t Google alle nije pagina\u2019s yndeksearre hat.<\/li>\n\n\n\n<li>D\u00earom is it ferstannich pagina\u2019s fan dyn \u00e2lde webside troch te linken (redirect) nei dyn nije webside.<\/li>\n\n\n\n<li>Tink net allinnich online, mar ek offline: op hokker oare plakken moatst dyn domeinnamme feroarje? Bygelyks briefpapier of fisitekaartsjes.<\/li>\n\n\n\n<li>Wy riede sterk oan om de orizjinele domeinnamme net fuortdaliks op te sizzen. Sa bliuwe dyn redirects aktyf, en is der gjin risiko op misbr\u00fbk fan dyn namme.<\/li>\n\n\n\n<li>Ta besl\u00fat: betink ek ris oft it nuttich is om dyn webside yn it Frysk oer te setten!<\/li>\n<\/ul>\n  <\/div>\n<\/div>\n<\/div>\n\n<div class=\"block-faq-section-inner\">\n<h3 class=\"faq-subject-heading\">\n  Domeinen beheare<\/h3><div class=\"block-faq-section-item\">\n  <h4 class=\"faq-title\">\n    Wat is registry lock?    <span><\/span>\n  <\/h4>\n  <div class=\"faq-content\">\n    \n<p>Soms is in domeinnamme sa belangryk of weardefol dat de registrant kontr\u00f4le ha wol oer de namme en der benammen wis fan w\u00eaze wol dat de registraasje net wizige wurde kin s\u00fbnder eksplisite tastimming. Soks kin fan tapassing w\u00eaze op elke domeinnamme w\u00earfan\u2019t de potinsjele downtime ta serieuze skea liedt.<\/p>\n\n\n\n<p>Registry Lock is de tsjinst dy\u2019t in ekstra befeiligingslaach biedt. Mei .frl Registry Lock kin gjin inkele eigenskip fan in domeinnamme wizige wurde s\u00fbnder eksplisite, h\u00e2nmjittige tastimming foar\u00f4f.<\/p>\n\n\n\n<p>Mear ynformaasje oer Registry Lock, ek foar de registrar dy\u2019t de lock aktivearje moat, fynst op de spesjale <a href=\"https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/frl-registry-lock\/\">Registry Lock-pagina<\/a>.<\/p>\n  <\/div>\n<\/div>\n<\/div>\n\n<div class=\"block-faq-section-inner\">\n<h3 class=\"faq-subject-heading\">\n  Klachten oer in domein<\/h3><div class=\"block-faq-section-item\">\n  <h4 class=\"faq-title\">\n    W\u00ear kin ik terjochte as ik in klacht ha oer in .frl-domeinnamme?    <span><\/span>\n  <\/h4>\n  <div class=\"faq-content\">\n    \n<p>Probearje earst kontakt op te nimmen mei de domeinh\u00e2lder. Dy kinst fine yn de <a href=\"https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/whois\/\">whois<\/a>. Slagget dat net, nim dan kontakt op mei de registrar, fan wa\u2019tst de gegevens ek yn de whois fynst. Krijst gjin kontakt mei de registrar, <a href=\"https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/kontakt\/\">lit it \u00fas dan witte<\/a>.<\/p>\n  <\/div>\n<\/div><div class=\"block-faq-section-item\">\n  <h4 class=\"faq-title\">\n    Wat kin ik dwaan as immen oars myn .frl-domeinname yn gebr\u00fbk hat?    <span><\/span>\n  <\/h4>\n  <div class=\"faq-content\">\n    \n<p>Elke domeinnamme is unyk. Dat h\u00e2ldt yn dat as in domein ien kear registrearre is, nimmen oars deselde domeinnamme registrearje kin. Yn prinsipe wurde domeinnammen \u00fatj\u00fbn neffens it prinsipe <em>first<\/em><em>come<\/em><em>, <\/em><em>first<\/em><em>served<\/em>. Dus as Sietske \u00fat Boalsert it domein sietske.frl f\u00eastleit, en in oare Sietske \u00fat Ljouwert wol dat domein ek ha, dan sil dy l\u00easte in alternatyf sykje moatte.<\/p>\n\n\n\n<p>Dit jildt ek foar bedriuws-, merk- of produktnammen. It hawwen fan sa\u2019n namme jout gjin rjocht op in korrespondearjende domeinnamme. Allinnich as de domeinnammeh\u00e2lder mear as d\u00fadlik misbr\u00fbk makket fan dyn merk- of bedriuwsnamme, is der in k\u00e2ns datst de domeinnamme \u00f3f \u00f4fslute litte kinst, \u00f3f oernimme litte kinst. Nim hjirfoar yn earste ynst\u00e2nsje kontakt op mei de oanbelangjende domeinh\u00e2lder of registrar.<\/p>\n  <\/div>\n<\/div>\n<\/div>\n\n<div class=\"block-faq-section-inner\">\n<h3 class=\"faq-subject-heading\">\n  Foar registrars en resellers<\/h3><div class=\"block-faq-section-item\">\n  <h4 class=\"faq-title\">\n    Hoe kin ik .frl-domeinen oan myn klanten oanbiede?    <span><\/span>\n  <\/h4>\n  <div class=\"faq-content\">\n    \n<p>Der binne twa manieren om .frl-domeinen te behearen foar dyn klanten:<\/p>\n\n\n\n<ul class=\"wp-block-list\">\n<li>As <strong>registrar<\/strong>: keapest as registrar direkt by FRLregistry B.V. yn. Betingst is datst in ICANN-accredited registrar bist. <a href=\"https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/registrars\/#nieuwe-registrar\">Mear ynformaasje.<\/a><\/li>\n\n\n\n<li>As <strong>reseller<\/strong>: keapest as reseller dyn .frl-domeinen yn by in oare partij. Hjir binne gjin spesjale fereasken foar, oars as in oerienkomst mei dyn leveransier. Faak biedt dyn besteande leveransier, d\u00ear\u2019tst bygelyks al .nl en .com \u00f4fnimst, ek .frl oan en hoechst neat te dwaan.<\/li>\n<\/ul>\n  <\/div>\n<\/div><div class=\"block-faq-section-item\">\n  <h4 class=\"faq-title\">\n    Kin ik in fermelding krije op registreer.frl?    <span><\/span>\n  <\/h4>\n  <div class=\"faq-content\">\n    \n<p>Sawol registrars as resellers kinne neamd wurde op \u00fas <a href=\"https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/registrars\/\">registrar-pagina<\/a>. Op dizze pagina fynst ek hoe\u2019tst sels yn it oersjoch opnommen wurde kinst.<\/p>\n  <\/div>\n<\/div>\n<\/div>\n\n<div class=\"block-faq-section-inner\">\n<h3 class=\"faq-subject-heading\">\n  Terminology<\/h3><div class=\"block-faq-section-item\">\n  <h4 class=\"faq-title\">\n    Wat binne premiumdomeinen?    <span><\/span>\n  <\/h4>\n  <div class=\"faq-content\">\n    \n<p>Premium domeinnammen binne domeinnammen dy\u2019t \u00f3f hiel koart binne, \u00f3f hiel algemien. Dizze domeinnammen binne foar in spesjaal taryf te registrearjen (de \u2018premiumpriis\u2019). Foar koarte domeinnammen (1 of 2 letters) nimst kontakt op mei dyn provider, sy kinne dizze domeinen fuortdaliks registrearje. Langere, algemiene domeinnammen wurde fia it <a href=\"https:\/\/sedo.com\/search\/?showportfolio=7803b71807c624b0fb3a840e83263f660e469319\" target=\"_blank\" rel=\"noreferrer noopener\">Sedo-platfoarm<\/a> ferkocht.<\/p>\n\n\n\n<p>Ast in premiumdomein br\u00fbke wolst foar in idee d\u00ear\u2019t de Fryske mienskip as gehiel fan profitearret, nim dan kontakt mei \u00fas op om te sjen wat wy foar dy dwaan kinne.<\/p>\n  <\/div>\n<\/div><div class=\"block-faq-section-item\">\n  <h4 class=\"faq-title\">\n    Wat is in domeinnamme en wat is in domeinekstinsje?    <span><\/span>\n  <\/h4>\n  <div class=\"faq-content\">\n    \n<p>In domeinnamme is in ynternetadres sa\u2019tst dat yn dyn webbrowser yntypst. Foarbylden binne google.com, nos.nl en meteo.be. Alles dat hjir foar of achter stiet, telt net mei foar de domeinnamme: yn in adres as \u201chttps:\/\/www.<strong>nos.nl<\/strong>\/artikel\/383472\u201d is allinnich <strong>nos.nl<\/strong> de domeinnamme. De rest is nedich om in spesifike pagina op de webside oan te tsjutten.<\/p>\n\n\n\n<p>It diel achter de punt is de \u2018domeinekstinsje\u2019. Dy stiet reedlik f\u00east: yn tsjinstelling ta de rest fan de domeinnamme, kinst hjir mar \u00fat in oantal opsjes kieze. Faak joust dermei oan w\u00ear\u2019t dyn webside him op rjochtet. Dat kin in l\u00e2n w\u00eaze (.nl, .be), in st\u00ead of regio (.frl, .amsterdam) of in algemiene oantsjutting (.com, .shop, .app).<\/p>\n  <\/div>\n<\/div><div class=\"block-faq-section-item\">\n  <h4 class=\"faq-title\">\n    Wat is in reseller?    <span><\/span>\n  <\/h4>\n  <div class=\"faq-content\">\n    \n<p>In reseller is in partij dy\u2019t .frl-domeinen net direkt ynkeapet by FRLregistry B.V., mar dat fia in tredde partij docht. It is hiel gongber om dyn domeinen fia resellers oan te skaffen, om\u2019t der mar in beheind oantal bedriuwen is mei in direkt kontrakt mei FRLregistry B.V. Dit binne de <em>registrars<\/em>.<\/p>\n\n\n\n<p>In oersjoch fan ferskillende resellers en alle .frl-registrars fynst op \u00fas <a href=\"https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/registrars\/\">registrar-oersjoch<\/a>.<\/p>\n  <\/div>\n<\/div><div class=\"block-faq-section-item\">\n  <h4 class=\"faq-title\">\n    Wat is in registrar?    <span><\/span>\n  <\/h4>\n  <div class=\"faq-content\">\n    \n<p>In registrar is in bedriuw dat .frl-domeinen ynkeapet by FRLregistry B.V. Soms is dat dyn webhoster, mar faak sitte der noch ien of mear lagen leveransiers tusken. In oersicht fan alle .frl-registrars en inkele belangrike resellers (werferkeapers \/ tuskenpartijen) fynst op \u00fas <a href=\"https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/registrars\/\">registrar-oersjoch<\/a>.<\/p>\n  <\/div>\n<\/div><div class=\"block-faq-section-item\">\n  <h4 class=\"faq-title\">\n    Wat is in registrant?    <span><\/span>\n  <\/h4>\n  <div class=\"faq-content\">\n    \n<p>In registrant is it bedriuw of de persoan dy\u2019t in domeinnamme registrearret en as eigener opj\u00fbn is. In registrant wurdt ek wol \u2018domeinh\u00e2lder\u2019 neamd. Yn hast alle gefallen is dit de klant of de einbr\u00fbker.<\/p>\n  <\/div>\n<\/div>\n<\/div>\n\t\t<\/div><\/div>\n\n<div class=\"wp-block-whitespace large\" aria-hidden=\"true\"><\/div>","protected":false},"excerpt":{"rendered":"","protected":false},"author":2,"featured_media":1372,"parent":0,"menu_order":5,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","template":"","meta":{"_acf_changed":false,"inline_featured_image":false,"footnotes":""},"class_list":["post-1804","page","type-page","status-publish","has-post-thumbnail","hentry"],"acf":[],"yoast_head":"<!-- This site is optimized with the Yoast SEO plugin v27.5 - https:\/\/yoast.com\/product\/yoast-seo-wordpress\/ -->\n<title>Faakstelde fragen - Registreer FRL<\/title>\n<meta name=\"robots\" content=\"index, follow, max-snippet:-1, max-image-preview:large, max-video-preview:-1\" \/>\n<link rel=\"canonical\" href=\"https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/faakstelde-fragen\/\" \/>\n<meta property=\"og:locale\" content=\"fr_FR\" \/>\n<meta property=\"og:type\" content=\"article\" \/>\n<meta property=\"og:title\" content=\"Faakstelde fragen - Registreer FRL\" \/>\n<meta property=\"og:url\" content=\"https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/faakstelde-fragen\/\" \/>\n<meta property=\"og:site_name\" content=\"Registreer FRL\" \/>\n<meta property=\"article:modified_time\" content=\"2023-11-23T09:51:47+00:00\" \/>\n<meta property=\"og:image\" content=\"https:\/\/www.registreer.frl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/Koeien.jpg\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:width\" content=\"1799\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:height\" content=\"729\" \/>\n\t<meta property=\"og:image:type\" content=\"image\/jpeg\" \/>\n<meta name=\"twitter:card\" content=\"summary_large_image\" \/>\n<script type=\"application\/ld+json\" class=\"yoast-schema-graph\">{\"@context\":\"https:\\\/\\\/schema.org\",\"@graph\":[{\"@type\":\"WebPage\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/www.registreer.frl\\\/frl\\\/faakstelde-fragen\\\/\",\"url\":\"https:\\\/\\\/www.registreer.frl\\\/frl\\\/faakstelde-fragen\\\/\",\"name\":\"Faakstelde fragen - Registreer FRL\",\"isPartOf\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/www.registreer.frl\\\/frl\\\/#website\"},\"primaryImageOfPage\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/www.registreer.frl\\\/frl\\\/faakstelde-fragen\\\/#primaryimage\"},\"image\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/www.registreer.frl\\\/frl\\\/faakstelde-fragen\\\/#primaryimage\"},\"thumbnailUrl\":\"https:\\\/\\\/www.registreer.frl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2023\\\/11\\\/Koeien.jpg\",\"datePublished\":\"2023-11-08T15:17:50+00:00\",\"dateModified\":\"2023-11-23T09:51:47+00:00\",\"breadcrumb\":{\"@id\":\"https:\\\/\\\/www.registreer.frl\\\/frl\\\/faakstelde-fragen\\\/#breadcrumb\"},\"inLanguage\":\"frl-FRL\",\"potentialAction\":[{\"@type\":\"ReadAction\",\"target\":[\"https:\\\/\\\/www.registreer.frl\\\/frl\\\/faakstelde-fragen\\\/\"]}]},{\"@type\":\"ImageObject\",\"inLanguage\":\"frl-FRL\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/www.registreer.frl\\\/frl\\\/faakstelde-fragen\\\/#primaryimage\",\"url\":\"https:\\\/\\\/www.registreer.frl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2023\\\/11\\\/Koeien.jpg\",\"contentUrl\":\"https:\\\/\\\/www.registreer.frl\\\/wp-content\\\/uploads\\\/2023\\\/11\\\/Koeien.jpg\",\"width\":1799,\"height\":729},{\"@type\":\"BreadcrumbList\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/www.registreer.frl\\\/frl\\\/faakstelde-fragen\\\/#breadcrumb\",\"itemListElement\":[{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":1,\"name\":\"Home\",\"item\":\"https:\\\/\\\/www.registreer.frl\\\/frl\\\/\"},{\"@type\":\"ListItem\",\"position\":2,\"name\":\"Faakstelde fragen\"}]},{\"@type\":\"WebSite\",\"@id\":\"https:\\\/\\\/www.registreer.frl\\\/frl\\\/#website\",\"url\":\"https:\\\/\\\/www.registreer.frl\\\/frl\\\/\",\"name\":\"Registreer FRL\",\"description\":\"\",\"potentialAction\":[{\"@type\":\"SearchAction\",\"target\":{\"@type\":\"EntryPoint\",\"urlTemplate\":\"https:\\\/\\\/www.registreer.frl\\\/frl\\\/?s={search_term_string}\"},\"query-input\":{\"@type\":\"PropertyValueSpecification\",\"valueRequired\":true,\"valueName\":\"search_term_string\"}}],\"inLanguage\":\"frl-FRL\"}]}<\/script>\n<!-- \/ Yoast SEO plugin. -->","yoast_head_json":{"title":"Faakstelde fragen - Registreer FRL","robots":{"index":"index","follow":"follow","max-snippet":"max-snippet:-1","max-image-preview":"max-image-preview:large","max-video-preview":"max-video-preview:-1"},"canonical":"https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/faakstelde-fragen\/","og_locale":"fr_FR","og_type":"article","og_title":"Faakstelde fragen - Registreer FRL","og_url":"https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/faakstelde-fragen\/","og_site_name":"Registreer FRL","article_modified_time":"2023-11-23T09:51:47+00:00","og_image":[{"width":1799,"height":729,"url":"https:\/\/www.registreer.frl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/Koeien.jpg","type":"image\/jpeg"}],"twitter_card":"summary_large_image","schema":{"@context":"https:\/\/schema.org","@graph":[{"@type":"WebPage","@id":"https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/faakstelde-fragen\/","url":"https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/faakstelde-fragen\/","name":"Faakstelde fragen - Registreer FRL","isPartOf":{"@id":"https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/#website"},"primaryImageOfPage":{"@id":"https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/faakstelde-fragen\/#primaryimage"},"image":{"@id":"https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/faakstelde-fragen\/#primaryimage"},"thumbnailUrl":"https:\/\/www.registreer.frl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/Koeien.jpg","datePublished":"2023-11-08T15:17:50+00:00","dateModified":"2023-11-23T09:51:47+00:00","breadcrumb":{"@id":"https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/faakstelde-fragen\/#breadcrumb"},"inLanguage":"frl-FRL","potentialAction":[{"@type":"ReadAction","target":["https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/faakstelde-fragen\/"]}]},{"@type":"ImageObject","inLanguage":"frl-FRL","@id":"https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/faakstelde-fragen\/#primaryimage","url":"https:\/\/www.registreer.frl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/Koeien.jpg","contentUrl":"https:\/\/www.registreer.frl\/wp-content\/uploads\/2023\/11\/Koeien.jpg","width":1799,"height":729},{"@type":"BreadcrumbList","@id":"https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/faakstelde-fragen\/#breadcrumb","itemListElement":[{"@type":"ListItem","position":1,"name":"Home","item":"https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/"},{"@type":"ListItem","position":2,"name":"Faakstelde fragen"}]},{"@type":"WebSite","@id":"https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/#website","url":"https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/","name":"Registreer FRL","description":"","potentialAction":[{"@type":"SearchAction","target":{"@type":"EntryPoint","urlTemplate":"https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/?s={search_term_string}"},"query-input":{"@type":"PropertyValueSpecification","valueRequired":true,"valueName":"search_term_string"}}],"inLanguage":"frl-FRL"}]}},"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/wp-json\/wp\/v2\/pages\/1804","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/wp-json\/wp\/v2\/pages"}],"about":[{"href":"https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/wp-json\/wp\/v2\/types\/page"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/wp-json\/wp\/v2\/users\/2"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/wp-json\/wp\/v2\/comments?post=1804"}],"version-history":[{"count":1,"href":"https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/wp-json\/wp\/v2\/pages\/1804\/revisions"}],"predecessor-version":[{"id":1805,"href":"https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/wp-json\/wp\/v2\/pages\/1804\/revisions\/1805"}],"wp:featuredmedia":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/wp-json\/wp\/v2\/media\/1372"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/www.registreer.frl\/frl\/wp-json\/wp\/v2\/media?parent=1804"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}