Hoe registrearrest in .frl-domein?
Stap 1
Kies ien fan ús oansletten partners.
Stap 2
Kontrolearje oft dyn domeinnamme beskikber is.
Stap 3
Kies eventueel in webhostingpakket of in e-mailpakket.
Stap 4
Rûnje de registraasje ôf: do hast no dyn eigen .frl-domein.
registrearje no dyn Fryske domeinnamme
Oerstappe nei in .frl
Hast al in website? Ek dan is in .frl-domein ynteressant. Bygelyks om’tst dy dêrmei folle mear mei Fryslân ferbûn fielst. Of om’t dyn besteande domeinnamme in kompromis wie, en de perfekte domeinnamme binnen .frl wól beskikber is. Oerstappe nei in .frl-domein is net dreech, mar moat wol mei de goede oandacht barre. Hjir ha wy in dúdlik stappeplan foar opsteld. Nim kontakt mei ús op foar mear ynformaasje!
Faakstelde fragen
Wa kin in .frl-domein registrearje?
.frl is foar elkenien beskikber. By de yntroduksje hawwe Fryske merken, bedriuwen en persoanen foarrang hân, mar op dit stuit kinst ek as net-Fries dóchs in .frl domein yn gebrûk nimme, bygelyks omdatst dochs in bytsje Fryslân yn dyn hert hast. Wol hawwe wy in pear algemiene regels yn de acceptable use policy opnommen.
Wat kostet in .frl-domein?
De priis foar in .frl-domein wurdt bepaald troch de registrars en resellers en sil dus fan partij oant partij ferskille. It leannet om prizen te fergelykjen foardatst dyn domein registrearrest. Kontrolearje ek de priis foar ferlinging, sadatst takom jier net foar ferrassingen komst te stean.
Hoe kin ik myn domeinnamme nei in oare provider ferhúzje?
In domeinnamme kin tsjintwurdich nei in oare provider ferhuze wurde. Freegje hjirfoar earst by dyn hjoeddeistige provider de autorisaasjekoade op en freegje harren in eventuele ferhúsblokkade fan it domein ôf te heljen. De autorisaasjekoade joust oan dyn nije provider, en sy starte de ferhuzing. Nei ien of mear e-mailtsjes en maksimaal fiif dagen wachttiid is it domein ûnder behear fan de nije provider.
Let op: ast in domein ferhuzest, ferhuzet de webhosting en dyn e-mail net mei. Nim hjirfoar kontakt op mei dyn nije provider.
Let derop datst de earste sechstich dagen nei registraasje, ferhuzing of hâlderwiziging gjin ferhuzing begjinne kinst.