foardielen
Foar Friezen
In namme seit in soad oer wa’tst bist. Lit mei in Fryske domeinnamme sjen datst Frysk bist en sprek dyn Fryske doelgroep oan. Sa falst op yn Fryslân én de rest fan ’e wrâld.
In soad frije domeinnammen
In soad .frl-domeinnammen binne noch frij, yn tsjinstelling ta .nl of .com. Registrearje dêrom de domeinnamme dy’tst graach ha wolst, foardat in oar it docht!
Goed te finen
Mei in Fryske domeinnamme litst sjen wêr’tst te finen bist. Sykmasines sille dy dêrtroch earder toane as minsken yn Fryslân nei dy op syk binne.
Sy giene dy
foar mei .frl
Kultuer en toerisme, MKB en multinational, ZZP’er en partikulier:
11.000 minsken giene dy al foar mei harren .frl-domein.
Bisto de folgjende?
Fryske fans
Sille wy oerstappe?
Hast al in website? Ek dan is in .frl-domein ynteressant. Bygelyks om’tst dy dêrmei folle mear mei Fryslân ferbûn fielst. Of om’t dyn besteande domeinnamme in kompromis wie, en de perfekte domeinnamme binnen .frl wól beskikber is. Oerstappe nei in .frl-domein is net dreech, mar moat wol mei de goede oandacht barre.
Oer ús
Fryslân is in unyk plak mei in rike kultuer, in eigen taal en in sterke mienskip. .frl bringt dy identiteit nei it wrâldwide web, foar de 81.000 bedriuwen en de 650.000 ynwenners fan Fryslân en foar de goed 2 miljoen Friezen dy’t earne oars wenje en grutsk binne op harren komôf.