Registreer .frl

Privacybelied

FRLregistry B.V. hantearret as útgongspunt it sammeljen fan sa min mooglik persoansgegevens. Wat kinst ferwachtsje ast ús webside besikest?

Tapaslikheid

Dit privacybelied is fan tapassing op de ferwurking fan de troch de brûker trochjûne persoanlike ynformaasje (persoansgegevens) en gegevens dy’t krigen binne troch it gebrûk fan ús tsjinsten.

Persoansgegevens

Hoe sammelet FRLregistry B.V. persoansgegevens?
FRLregistry B.V. sammelet persoansgegevens ast ynteresse toanst yn ús tsjinsten, bygelyks troch it oanmelden by de nijsbrief of ast kontakt mei ús opnimst. Guon fan dy gegevens jilde as persoansgegevens.

Hokker persoansgegevens sammelet FRLregistry B.V.?
FRLregistry B.V. sammelet kontaktgegevens lykas dyn namme, adres, telefoannûmer en e-mailadres ast dy oanmeldst by ús nijsbrief of ast kontakt mei ús opnimst. Fierder bewarje wy de e-mailkonversaasjes.

Wêrom sammelet FRLregistry B.V. persoansgegevens?
FRLregistry B.V. ferwurket persoansgegevens om ús tsjinsten leverje te kinnen.

Dyn persoansgegevens en tredde partijen
FRLregistry B.V. ferkeapet dyn persoansgegevens nea oan tredde partijen. De Algemiene Feroardering Gegevensbeskerming (AVG) is fan tapassing op al ús tsjinsten.

Cookies

Wat binne cookies?
In cookie is in lyts tekstbestantsje dat troch dyn browser op dyn kompjûter, telefoan of tablet bewarre wurdt. Mei dy bestantsjes kinne we dy werkenne by dyn besite en by in ferfolchbesite.

Hokker cookies brûkt FRLregistry B.V.?
FRLregistry B.V. brûkt needsaaklike cookies om bygelyks ynstellingen of foarkarren te ûnthâlden by in besite oan de webside of foar in folgjende besite. Dêrneist brûkt FRLregistry B.V. de statistiken fan Google Analytics om it websidegebrûk analysearje te kinnen en de webside optimalisearje te kinnen. Dêrfoar wurde needsaaklike en analytyske cookies pleatst. De gegevens binnen dy cookies binne net werom te lieden nei persoansgegevens. Dêrom wurdt gjin eksplisite tastimming fan de gebrûker frege.

Wolst hielendal gjin cookies?
Dat kin fia de ynstelling fan dyn browser.

Ynformaasjefeiligensbelied

Op it mêd fan ynformaasjefeiligen folget FRLregistry B.V. itselde belied as susterbedriuw Metaregistrar. Dit ynformaasjebefeiligingsbelied kinst hjir delhelje.