Registreer .frl

Oer .frl

Fryslân is in unyk plak

Fryslân is in unyk plak mei in rike kultuer, in eigen taal en in sterke mienskip. FRLregistry B.V. bringt dy identiteit nei it wrâldwide web, foar de 81.000 bedriuwen en de 650.000 ynwenners fan Fryslân en foar de goed 2 miljoen Friezen dy’t earne oars wenje en grutsk binne op harren komôf.

Sûnt 2015 hawwe sy mei .frl in feilige, tagonklike en betsjuttingsfolle domeinekstinsje yn hannen. In .frl-domein is der foar Friezen, troch Friezen.

De lansearring

Yn 2015 sette .frl útein. Mei pioniers as Piet Paulusma, Boomsma, Tryater en fansels de Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden waarden de Friezen waarmmakke foar de foarrangsfaze dêr’t Fryske organisaasjes en ynwenners it earste rjocht op harren domeinnamme yn hiene. Stipe troch in camperbus dy’t by alle eveneminten del ried, televyzjereklames en mear, koe gjin Fries mear om “Op syn Frysk” hinne. Yn dy foarrangsfaze binne hast 10.000 domeinen fêstlein.

Yntusken is .frl beskikber foar elkenien, ek foar net-Friezen mei in hert foar Fryslân. Dochs is noch altyd 95% fan de .frl-domeinen troch Friezen registrearre.

Kultuer en toerisme, MKB en multinational, ZZP’er en partikulier meitsje grutsk gebrûk fan de mooglikheden dy’t harren eigen domeinekstinsje biedt. Om sjen te litten wêr’t harren woartels lizze, om’t se yn .frl wól de namme krije kinne dy’t se wolle, of ienfâldichwei om’t se mei hert en siel Frysk binne.

doarpswurk.frl
De grutte krêft fan lyts sit yn ús doarpen.
musicaldetocht.frl
It giet oan – yn it Friso-teäter yn Ljouwert.
klompen.frl
Untdek de skiednis fan Nederlâns âldste fuotark.
fryslan.frl
De provinsje Fryslân stiet foar .frl.
wrk.frl
Ít startpunt foar dyn (karriêre)switch nei Fryslân.

.frl is ien fan de domeinekstinsjes dy’t troch Dotlocal mooglik makke wurde. Dotlocal stipet stêden en regio’s yn it oanfreegjen en operearjen fan harren eigen domeinekstinsje. Dotlocal is aktyf lid fan de geoTLD.group en behertiget dêryn de belangen fan .frl.

Foar registraasje fan in .frl-domein kinst by ien fan de oansletten registrars of resellers terjochte. De registraasjerjochtlinen en oare dokumintaasje oer .frl fynst op de Policies-side. Mear ynformaasje oer hoe’t .frl wurket en de faakstelde fragen binne beskikber op Hoe wurket .frl.