It ferhaal fan Friesland Beweegt
3 febrewaris 2026“Fryslân hat alve stêden, mar it fielt as ien grut doarp. Dy ferbining is ús krêft.”
-Eric, oprjochter Friesland Beweegt”
It begûn sechstjin jier lyn mei in simpele fraach ûnder in kuier yn it westen. Eric rûn dêr de Strandvijfdaagse tegearre mei syn soan, doe’t meikuierders him oansprutsen: “Do bist dochs in Fries? Witst ek oft wy dit op it Waad dwaan kinne?” Eric, fan wa’t de roots oarspronklik yn de omkriten fan Rotterdam lizze, mar dy’t syn hert oan it Noarden ferlear, gie op ûndersyk út. Wat begûn as in útstapke foar ien kear mei in skipper, groeide út ta Friesland Beweegt. In organisaasje dy’t tûzenen minsken yn beweging krijt, mei in misje dy’t sûnt 2016 persoanliker is as ea.
Ut de hân rûne hobby
“De oare deis hie ik it eins al rûn,” wit Eric noch. “Ik hie in skipper fûn en frege oan ’e ein fan ’e rintocht wa’t der belangstelling hie. Ik ferwachte in lyts groepke, mar der skreaune har fuortdaliks 150 minsken yn, goed foar 6 skippen.”
De stifting wie berne. Fan de Eilân Fiifdaachse wreide it him as in oaljeplak út nei Koudum, Drylts en de rest fan de provinsje. Yntusken organisearret Eric mei syn team Waadtrips, rintochten en fytsalvestêdetochten. “It rûn wat út ’e hân,” laket er. “Mar wol op de moaiste manier.”
Net yn hokjes tinke
Yn de begjinjierren rûn Eric alles sels mei. Oant 2016. Hy waard siik, wat syn rinfermogen bliuwend oantaaste. “Sels rinne sit der net mear yn,” fertelt er iepenhertich. “Mar ik woe net efter de geraniums sitte. Myn doel waard: hoe soargje wy dat elkenien meidwaan kin? Ek ast in handicap hast?”
Dat docht Friesland Beweegt op in bysûndere wize: troch gjin aparte kategoryen te meitsjen. “Minsken wurde fierste gau yn in hokje treaun. By ús dochst gewoan mei mei de rest. Oftst no in fisuele beheining hast, yn in rolstoel sitst of topatleet bist. As ik sjoch dat dielnimmers har dêrtroch folweardich fiele, krij ik pikefel. Dêr dogge wy it foar.”
Gesellichheid boppe kompetysje
Fryslân foarmet it dekôr foar al dizze beweging. In provinsje dy’t minsken fan bûtenôf faak ferrast mei syn griene en fariearre lânskip. Mar it is foaral de mentaliteit dy’t it unyk makket.
“By ús Winterfytsalvestêdetocht helje wy mei opset sin de kompetysje derút en bringe de gesellichheid deryn,” leit Eric út. “Der komme ek flugge hurdfytsers op ôf, mar wy litte har gewoan ôfstappe by de stimpelposten. Efkes dat praatsje meitsje, inoar moetsje. Fryslân fielt as ien grut doarp dêr’t de lyntsjes koart binne. Dy sosjale ferbining is ús krêft.”
.frl: kieze foar identiteit
By sa’n sterke lokale ferankering heart in passende online identiteit. De kar foar frieslandbeweegt.frl wie foar de stifting fanselssprekkend. “Wy organisearje yn Fryslân en it pompeblêd sit yn ús logo. Okee, wy meitsje ien útsûndering foar in útstapke nei Texel, mar ús basis leit hjir.”
Neffens Eric past in algemien .nl-domein dêr net by. “It is in stikje branding. Mei .frl litst fuortdaliks sjen: wy binne fan hjir, dit is ús identiteit. Foar ús – en foar in hiel soad Fryske ûndernimmers – is dat de manier om dy te ûnderskieden. It strielt grutskens út.”
Takomst
De ambysje foar de kommende jierren? Mear wurkgroepen troch de hiele provinsje en dêrmei noch mear minsken yn beweging krije. “Wy wolle ferbiningen lizze,” beslút Eric. “Sadat elkenien, nettsjinsteande eftergrûn of beheining, sizze kin: ik doch mei.”
Bisto ek grutsk om as Frysk of yn Fryslân ûndernimmer te wêzen? Claim dan dyn .frl-domein!
Besjoch hjir de fideorige dy’t wy mei Friesland Beweegt makke ha: