It ferhaal fan Connect.frl
30 april 2025“Connect.frl is bewoartele yn Fryslân. Dat sjochst, hearst en fielst.”
–Nienke Hoeksma, direkteur MKB Cyber Campus & Connect.frl
Wat begûn as in inisjatyf om ict-talint yn Ljouwert te behâlden, groeide út ta in regionale beweging dy’t it hiele Noarden ferbynt. Connect.frl is yntusken ít poadium dêr’t studinten, bedriuwen en ûnderwiis inoar moetsje, ynspirearje en fersterkje. Mei kennissesjes, events en in groeiend netwurk bout Connect oan in takomstbestindige digitale sektor – stevich bewoartele yn Fryslân, mei in blik op ’e takomst.
Fan inisjatyf oant ynstitút
Goed tolve jier lyn kloppe de gemeente Ljouwert mei in dúdlike misje oan by in oantal grutte ict-bedriuwen: hoe behâlde wy technysk talint yn it Noarden? “Ik wurke doedestiids by ING en seach dat jonge minsken Fryslân ferlieten sa gau’t se har diploma hiene. Dat moast oars,” fertelt Nienke. Yn oparbeidzjen mei partijen as NDC Mediagroep, CJIB, Achmea, Aegon, de gemeente en provinsje Fryslân ûntstie de Stichting Arbeidsmarkt IT058 – de foarrinner fan Connect.frl. Dêr’t it begûn mei in lyts klupke en ien studint, ferwolkommet it Connect-event tsjintwurdich mear as tûzen besikers út fjouwer provinsjes. “Wy ferbine studinten, professionals en wurkjouwers – op ynhâld én op persoanlik flak. Fia kennissesjes, netwurkevents en foaral: in jierliks event dat foar in soad studinten it begjin fan har karriêre betsjut.”
Mei-inoar sterker
Connect.frl is mear as in event. Leden – fan mkb-bedriuwen oant ûnderwiisynstellings – profitearje it hiele jier fan kennisdieling, ynspiraasje en ferbining. “In lidmaatskip betsjut: sichtber wêze op de beursflier, meidraaie yn sesjes en ûnderdiel wurde fan in aktyf netwurk. Agile wurkje? Dat is hjir oait grut wurden om’t in oantal leden har kennis dielden en oaren meinamen yn dy beweging.” Dy krúsbestowing is krekt wat Connect.frl sa krêftich makket. “Wy operearje yn Fryslân, mar de ympakt rikt fierder. Wy wurkje ûnderwilens gear mei Windesheim út Zwolle, IT Hub Hoogeveen en Samenwerking Noord. En dat allegear mei Ljouwert as stevige basis.”
Digitale grutskens mei Fryske roots
It pompeblêd yn it logo ferklapt it al: Connect.frl is bewoartele yn Fryslân. Dat sjochst, hearst en fielst. “Wy binne der foar it hiele Noarden, mar Connect.frl is Fryslân. Us namme, ús netwurk, ús toan – alles azemet regionale grutskens.” Dy grutskens klinkt ek troch yn de domeinkar. “Wy hawwe nea in oar domein oerwage: .frl past ús as in âld jas. It is krêftich, werkenber en seit krekt wat wy sizze wolle. Bedriuwen, studinten en partners reagearje der posityf op. Deputearre Friso Douwstra sei it treffend: Ljouwert is de ict-stêd fan it Noarden, en Connect.frl lit dat sjen.”
Ynspirearjend foarbyld
It sukses fan Connect.frl bliuwt net ûnbemurken. Ek yn Drinte en Grinslân ûntstean fergelykbere gearwurkingen, mei Connect as foarbyld. “Dat fine wy in komplimint. Tagelyk bouwe wy troch oan ús eigen formule – ticht by it ûnderwiis, mei beide fuotten yn it wurkfjild.” En dat ynspirearret ek binnen de provinsje. Tink oan inisjativen as Hacklab.frl, dy’t jongerein bûten it skoalsysteem opliede ta developer of etysk hacker. “Sy rjochtsje har – krekt as wy – op takomst en talint yn Fryslân. En dat makket de sirkel rûn.”
Groeie yn ferbining
Connect.frl bliuwt ûntwikkeljen, sûnder de kearn út it each te ferliezen. “Wy binne hjir om talint te behâlden, bedriuwen te fersterkjen en it Noarden digitaal tûker te meitsjen. Dat dogge wy mei minsken dy’t krekt as wy yn de krêft fan gearwurking leauwe. En mei in domeinnamme dy’t presys fertelt wêr’t wy wei komme.”
Besjoch hjir de fideo dy’t wy mei Connect.frl makke ha:
Bisto ek grutsk om as Frysk of yn Fryslân ûndernimmer te wêzen? Claim dan dyn .frl-domein!