Registreer .frl
Nijs

It ferhaal fan Provinsje Fryslân 

23 juny 2025

“Mei .frl makkest in statement dat net te negearjen is.”

-Jelmer Algra, Algemien Direkteur fan Provinsje Fryslân en Sekretaris fan it kolleezje fan Deputearre Steaten

It ferhaal fan de provinsje Fryslân giet oer identiteit, ferbûnens en foarútgong. De provinsje set dy identiteit online graach krêft by mei in .frl-domein. Wy sprutsen mei Jelmer Algra, AD/Sekretaris fan Provinsje Fryslân en hy fertelt wêrom’t de provinsje foarstanner is fan .frl, wat dit betsjut foar ûndernimmers en hoe’t it Fryslân helpt om him noch sterker te posisjonearjen.

De rol fan Provinsje Fryslân
Wat docht de provinsje krekt? It is in fraach dy’t Jelmer geregeld krijt. Hy leit út: “Wy sette ús yn foar it kreëarjen fan in sterke, duorsume en ferbûne regio.” Dat dogge se troch har dwaande te hâlden mei de takomst fan Fryslân: fan ekonomy en wurkgelegenheid oant romtlike oardering, natoer, lânbou, kultuer en leefberens. It is harren taak om derfoar te soargjen dat Fryslân oer 20 oant 30 jier noch altyd in plak is dêr’t it noflik is om te wenjen, wurkjen en ûndernimmen. De provinsje wurket dêr net allinnich oan. Se wurkje gear mei ûndernimmers, ynwenners en maatskiplike partners. “As provinsje wurkje wy gear mei ús partners foar in goede balâns tusken al dizze saken. Wy helpe inoar om foarút sjen te bliuwen yn it belang fan Fryslân.

De krêft fan identiteit yn Fryslân
De sterke ferbining tusken kultuer, identiteit is wichtich foar Fryslân. It is krekt dy identiteit dy’t Jelmer ek digitaal sterk útdrage wol. “De provinsje hat altyd it belang fan ús krêftige kultuer útdroegen. Dêrby is it ek wichtich dat wy ús ferbine mei de rest fan Nederlân en de wrâld,” seit Jelmer. “Dat kin ek mei .frl. De letters ‘frl’ binne mear as allinnich in domeinnamme – it is in manier om Fryslân op de kaart te setten en de grutskens dy’t wy fiele te dielen.” Dat is presys dêr’t .frl om draait. It soarget derfoar dat Fryslân net allinnich lokaal sjoen wurdt, mar dat it ek ynternasjonaal opfalt. “As ik mysels foarstel as Algemien Direkteur fan de Provinsje Fryslân en minsken in fisitekaartsje jou, krij ik altyd reaksjes. Dat is krekt wat .frl docht – it makket nijsgjirrich en soarget foar werkenberens. Dat is wichtich foar ûndernimmers yn Fryslân: it makket dyn merk fuortdaliks sichtber en it lit sjen wêr’tst wei komst.

.frl foar ûndernimmers
In Fryske ûndernimmer moat .frl sjen as in strategysk middel om him mei te ûnderskieden,” seit Jelmer. “It biedt de mooglikheid om de unike Fryske identiteit mei út te dragen en dyn merk sterker del te setten. Oftst no lokaal operearrest of ynternasjonaal wurkest, .frl soarget derfoar datst fuortdaliks in ferbining makkest mei Fryslân. Dat is wat dat klanten net gau ferjitte.” Neffens Jelmer is .frl dêrmei de perfekte kar foar ûndernimmers dy’t opfalle wolle mei har merk. “Mei .frl kinst dy op in autentike wize ûnderskiede yn in konkurrearjende merk. It lit sjen datst grutsk bist op wêr’tst wei komst en datst dy ferbûn fielst mei de regio.

De takomst fan .frl
Provinsje Fryslân hopet dat .frl de kommende jierren fierder groeie sil. “It soe moai wêze as .frl him ûntwikkeljen bliuwt as in krêftich platfoarm foar Fryske ûndernimmers. It is in unyk ynstrumint, mar it moat net sjoen wurde as in gimmick,” fertelt Jelmer. “It moat in serieuze kar wêze foar ûndernimmers dy’t har profilearje wolle en de krêft fan Fryslân útdrage wolle. Wy hoopje dat hieltyd mear ûndernimmers yn Fryslân de foardielen fan .frl ynsjogge en it brûke om har merk te fersterkjen.

In krêftich ynstrumint
Foar ûndernimmers yn Fryslân biedt .frl in unyk foardiel,” seit Jelmer. “It helpt har om in identiteit út te dragen, har merk te fersterkjen en sichtberens te fergrutsjen. Oftst no in lokaal bedriuw hast of ynternasjonaal wurkest, mei .frl makkest in statement dat net te negearjen is.

Bisto ek grutsk om as Frysk of yn Fryslân ûndernimmer te wêzen? Claim dan dyn .frl-domein!

Besjoch hjir de fideo dy’t wy mei de Provinsje Fryslân makken: