Registreer .frl
Nijs

It ferhaal fan Hof van de Koning.frl

19 desimber 2024

“Ik bin grutsk om ûndernimmer te wêzen yn Fryslân. De kânsen lizze hjir foar it opkrijen!

Gasten blider fuortgean litte as dat se deryn kamen. Dat is it doel fan Christel Koning, eigeneres fan restaurant Hof van de Koning yn Oranjewâld. Har âlden, beide grut wurden yn de hoarekawrâld, bouden it ymperium op en sûnt 2012 is Christel it fêste gesicht. Events op lokaasje, partijen yn de sealen fan Hof van de Koning of kofje, lunsj en diner yn it restaurant – de famylje Koning (be)tsjinnet dy op alle fronten. Tiid foar in petear mei Christel oer ûndernimmen yn Fryslân, en hoe’t se har grutskens foar de provinsje útdraget!

Hoarekagenen

“Us heit is deunby ús restaurant berne. Foar de leafde ferhuze hy nei Hurderwyk, dêr’t de âlden fan ús mem in hotelrestaurant hiene. Us heit en mem folgen, en iepenen dêr ek har eigen hotelrestaurant. Nei in skoftsje begûn it dochs te jokjen, en woe heit werom nei It Hearrenfean. Ik wie doe 16 jier, en myn broerke 12.

Prinsenweg

Us hjoeddeistige pân oan de Prinsenweg kaam frij en it wie it ideale plak foar myn âlden om har takomst te bouwen. Al gau koene wy hjir ek aardzje. Ast my fregest oft ik altyd al wist dat ik Hof van de Koning oernimme woe? Ut noch yn net, haha. Ik woe de wrâld ûntdekke, dus reizge ik ferskillende lannen ôf en wurke yn ferskate brânsjes. Dochs fielde ûndernimmen en ús famyljebedriuw yn de hoareka as thúskommen. Dus doe’t ús heit 70 kearskes útblaasde yn 2012, waard myn oername in feit.

Foar jong en âld, saaklik en privee

Mei’t wy al hiel wat jierren meigean, kenne wy in soad doarpelingen en sjogge wy famyljes meigroeien mei de tiid. Dêr’t ús heit de pakes en beppes fan in famylje kent, ken ik de (berns)bern. Dat is hiel bysûnder. In moaie Fryske tradysje is: stjerre dêr’t je trouwe. Alle fasetten fan it libben komme by ús foarby. Fan troufeesten en jierdeis oant betinkingen en begraffenissen. Dat is hiel moai. Us sealen en gearkomsteromten binne ek ideaal foar de saaklike gast. Us lizzing oan de A32 makket dat wy goed berikber binne foar sakelju dy’t in pitsstop meitsje foar in flugge, mar goede lunsj. In foardiel is ek datst de auto fergees by ús foar de doar parkearst.

De Fryske smaak

Us sjef Danny de Vries fynt it belangryk om iten te sieden mei produkten fan in goed komôf, om iten te servearjen dat goed is foar de gast en net allinnich in lust is foar it each. Yn Danny syn keuken wurdt mei ‘sûn ferstân’ iten sean. Oft der wolris wat fuortsmiten wurdt? Selden. Sels de skilen fan de sipel en kontsjes fan de prei bewarret er om sjú fan te lûken. Dat is neffens Danny net perfoarst duorsum, mar gewoan sûn ferstân. Dy nofteren sjenswize past goed by ús. Doe’t wy troch de komst fan koroana abrupt de doarren slute moasten, brochten wy farske produkten nei soarchynstellingen.

Goed foar de provinsje

Wy keapje safolle mooglik lokaal yn en meitsje ús eigen drank(jes), dy’t wy yn ús gerjochten ferwurkje. Us heit is de betinker fan ‘Heerenburg’, bearenburch út It Hearrenfean. Stiet der sipelsop op it menu? Dan sit dêr in flinke snjit Heerenburg trochhinne. Ek ‘Fryske Frucht’ is in projekt dêr’t heit ûnderdiel fan is. Fryske Frucht is opset om de Fryske apelbeammen yn stân te hâlden. En in lokaal drankje servearje oan toeristen is fansels ék altyd moai. Mar bûten dat is it ek gewoan hiel lekker! Dus fynst ’m op ús menukaart. Ekstra aardich: der sit ek in flutske troch de apelkompôte dy’t as bygerjocht by it diner optsjinne wurdt.”

Mienskip

Dy ynfloeden lûkt Christel net foar neat troch. Se is grutsk dat se yn Fryslân wennet. “Friezen binne eigensinnich, stânfêst, sizze wat se dogge en dogge wat se sizze. Direkt? Dat binne de minsken hjir ek. As ûndernimmer is dat noflik, want sa witst wêr’tst oan ta bist. Dêrneist is de mienskip ferskriklike sterk. Kenst inoar, en wy wurkje in soad gear mei oare restaurants. Wy kinne op inoar bouwe. De mooglikheden foar ûndernimmers binne hjir grut, en der binne in soad kânsen. Fryslân is in booming provinsje!”

Benijd hoe’t ûndernimmen der yn de Fryske hoareka útsjocht? Tsjek dan de fideo dy’t wy mei Hof van de Koning makke ha!

Bisto ek grutsk om as Frysk of yn Fryslân ûndernimmer te wêzen? Claim dan dyn .frl-domein!