Ekstra feilichheid op dyn domein mei Registry Lock
31 augustus 2023It belang fan in domeinnamme wurdt faak pas dúdlik as der wat ferkeard giet. In webside dy’t der in pear oeren útleit of in e-mail dy’t in dei net ôflevere wurde kin, is foar in persoanlike blog net sa’n probleem, mar foar in bedriuw kin it samar liede ta in omsetdaling en/of reputaasjeskea.
Der binne ferskillende oarsaken wêrtroch’t in domeinnamme ûnberikber wêze kin. Sa kin it te krijen hawwe mei in minsklike flater: de ferkearde nameservers opjaan of in domein te let ferlingje. Sokke flaters binne meastal ienfâldich te korrizjearen om’t it domein yn eigen behear is. Dochs kin it gau in pear oeren duorje foar’t de flater ûntdutsen en ferholpen is.
Kwealiker is it as in domeinnamme bewust oanfallen wurdt. Sa binne der gefallen bekend dêr’t de ynloggegevens fan de hostingpartij by op strjitte kommen binne te lizzen, en in domeinnamme nei in oare partij ferhuze wurdt. Op dat stuit hast net mear sels de kontrôle en kin it hiel wat dagen duorje foardatst it domein werom yn behear hast, ás dat al slagget.
Om dit soarte risiko’s te minimalisearjen, yntrodusearret .frl de ‘Registry Lock’: in ekstra befeiligingslaach wêrmei’t gjin inkele eigenskip fan in domeinnamme wizige wurde kin sûnder eksplisyt, hânmjittich goedfinen foarôf.
It oanfreegjen fan in Registry Lock giet fia de registrar dêr’tst it domein registrearre hast. Sadree’t in wiziging op in domein oanfrege wurdt, wurdt de registrar belle om de wiziging goed te karren. De registrar kontrolearret de wiziging en ferifiearret dat dy troch de goede partij oanfrege is. Pas dêrnei wurdt de wiziging trochfierd.
Ynformearje by dyn registrar nei de mooglikheid ta .frl Registry Lock en de tariven. Mear ynformaasje, ynklusyf technyske ynformaasje foar de registrar, fynst op ús Registry Lock-side.