It ferhaal fan Boomsma.frl
25 febrewaris 2025“Wy fertelle mei .frl ús ferhaal yn trije letters.”
-Chantoine Boomsma, Algemien Direkteur Boomsma Distilleerderij
In famyljebedriuw dat al 140 jier mei Fryske nofterens de wrâld feroveret. Boomsma Distilleerderij stiet synonym foar kwaliteit, ambacht en in snjitsje eigensinnigens. De famyljeresepten fan de dranken wurde fan âlds trochjûn en strikt geheimholden. No stiet de fyfde generaasje oan it roer en bouwe Chantoine Boomsma en suster Saskia flink fierder oan de ekspânsje fan Boomsma Distilleerderij. Chantoine fertelt oer ûndernimmen yn Fryslân, de krêft fan famyljewearden en wêrom’t .frl perfekt by Boomsma past.
Fan generaasje op generaasje
It ferhaal fan Boomsma begjint yn 1883. Yn in lyts gebouke ûnder de Aldehou yn Ljouwert distillearre, baarnde en stookte de famylje bearenburger, jenever en likeuren. De reseptueren foelen yn ’e smaak en it merk Boomsma sette in groeikurve yn gong dy’t noch altyd oanhâldt. It assortimint fan Boomsma bestiet hjoed-de-dei út ferskillende dranken, mei ûnder oaren in bûtenlânsk distillearre-tûke. Dêrûnder falt de Glen Talloch Whisky, Esbjærg Vodka, mar ek Old Captain Rum en der is in wynkeaperij. Chantoine fertelt: “Oftst no by in buorrelmomint op in sylboat yn it sintsje in gin-tonic ynjitst of in krûdebitter kiest om op te waarmjen by it skiën – der is foar elk momint in Boomsma-drankje.”
Mei de brijleppel yngetten
Oft dy reseptueren neffens it famyljeresept troch de jierren feroare binne? “Us bearenburch en jenever wurde noch altyd neffens it orizjinele resept makke. Wy hawwe ek gjin plannen om de reseptueren oan te passen. Wat goed is, moatst net feroarje.” Sûnt 2009 foarmje Chantoine en Saskia de direksje, en is it oan harren om datsoarte karren te meitsjen. “Gearwurkje mei dyn suster is net in garandearre suksesresept, mar ik bin bliid dat wy it sa dogge. Yn earste ynstânsje woene wy beiden yndividueel de rol ferfolje. It is noflik dat wy no oerlizze kinne oer wichtige beslissingen. Wy hawwe goede petearen en dat liedt ta nije ynsjoggen. Dat is wichtich foar de takomst fan Boomsma.”
Undernimme mei sûn ferstân
Chantoine tinkt net allinnich oan it no, mar ek oan de lange termyn. It tema duorsumens stiet by Boomsma dus ek op de aginda. “Wy pakke alles mei wat mooglik is. Fan lichtgewicht flessen dy’t minder glês ferbrûke en foar duorsumer transport soargje, oant in bottelerij mei in redusearre útstjit troch sinnepanielen. Mar duorsumens sit ek yn ús minsken: guon kollega’s wurkje hjir al 40 jier. Dat seit wat oer wa’t wy binne en hoe’t wy mei-inoar omgean.”
Fryslân as fûnemint
Fryslân is net samar de thúsbasis fan Boomsma, it is diel fan har identiteit. “Us produkten binne fanâlds Frysk, mar ús ambysje rikt fierder as de provinsjegrinzen. Wy eksportearje ûnderwilens nei 35 lannen, dêrûnder Sina, Amearika, Turkije, de Baltyske steaten, Poalen en folle mear. Nettsjinsteande dat hat de Nederlânske merk de oerhân. En oftst ús jonge suvere graanjenever no tsjinkomst yn it bûtenlân of by dyn pleatslike sliter – it Ljouwerter wapen stiet pontifikaal op ’e flesse. Wy binne grutsk op wêr’t wy wei komme en sille hjir net gau weigean. Ek om’t de minsken hjir ús bedriuw meitsje. Wy claime ús Fryske roots mei grutskens.”
Eigenwize koprinner
Boomsma wie ien fan de earste bedriuwen dy’t in .frl-domein registrearre. “Wy hiene altyd in .net en .eu, mar doe’t .frl kaam, wie de kar gau makke. Wy binne in Frysk famyljebedriuw en mei sa’n lyts elemint as in domeinnamme fertelst fuortdaliks in ferhaal. Minsken reagearje der posityf op. It is werkenber, it falt op, en it is in subtile, mar krêftige wize om sjen te litten wêr’tst wei komst.”
Toarstich nei mear
Mei in mjuks fan tradysje en ynnovaasje bliuwt Boomsma foarútsjen. “Wy folgje de merk op ’e foet. Sa hawwe wy koartlyn in single malt whisky lansearre en binne wy dwaande mei 0.0% dranken. Mar wat der ek feroaret: ús famyljewearden bliuwe oerein. Wy bliuwe mei Fryske nofterens earlike produkten meitsjen, mei in sterk team.”
Bisto ek grutsk om as Frysk of yn Fryslân ûndernimmer te wêzen? Claim dan dyn .frl-domein!
Besjoch hjir de fideo dy’t wy mei Boomsma makke ha: