Registreer .frl
Nijs

It ferhaal fan Dikkemik.frl

2 desimber 2024

“De kreative mienskip yn Fryslân is folle grutter as datst tinkst!”

Kreativelingen binne oer it generaal sosjale dieren. Sanne Vlutters en Riemer van der Wijk dogge dêr net oan ûnder. Beiden binne se wurksum yn it kommunikaasjelânskip, en it binne âld-kollega’s. Doe’t se har realisearren dat de mienskiplike freedtemiddeisborrels dêrmei ta it ferline hearden, besleaten se om der sels ien te organisearjen. Foar alle kreativen út it Noarden, wolteferstean. No’t de fjirde edysje in feit is, waard it tiid om ris mei Riemer yn petear te gean.

Riemer: “Oft dyn klik no privee of saaklik, jierrenâld of nagelnij is – der is yn alle gefallen sprake fan ‘Dikke Mik’. Dêr giet it ek om by it evenemint: minsken byinoarbringe. Under de fremibo ha we it oer it fak, mar soks is der ek om even by te praten.” De borrel stiet elke edysje yn it teken fan in oar tema, dêr’t Sanne en Riemer trije sprekkers foar optrommelje. Riemer: “Dy komme út it Noarden, mar ek út de rest fan Nederlân.”

Dikke Miks stânplak is jeu de boules-bar BOEL yn Ljouwert, it eardere Zalen Schaaf. Riemer: “Mei in groep fan 40 oant 60 persoanen is de sfear los, hast tiid foarinoar én kinst in potsje boule. We fernimme dat dy kombinaasje ferbynt. Kollega’s prate hjir ôf, studinten komme om fragen te stellen en guon besikers binne der al fan it begjin ôf oan by.” Dat draacht neffens Riemer by oan in oar doel fan Dikke Mik: talint yn de regio hâlde. “It is spitich dat sa’n soad talint nei de Rânestêd fuortgiet om dêr karriêre te meitsjen. Sjochst dat it hjir ek gewoan kin, en oan dat byld wolle we graach bydrage.” Dêrom kiest Dikke Mik ek foar it .frl-domein. “Ik bin in oprjochte Fries, en Sanne is in Tukker. Dochs wie sy it der ek gau mei iens om foar .frl te kiezen: sy fielt har ek thús yn Fryslân. En dat fyn ik net mear as logysk. Want earlik is earlik: de provinsje docht wat mei dy!”

Ek in sterk merk bouwe? Kontrolearje oft dyn .frl-domein beskikber is!