It ferhaal fan Heit&mem.frl
10 novimber 2025“Us doelgroep fûn de oerstap nei .frl allinnich mar logysk.”
-Dieuwke van der Meer, haadredakteur Heit & Mem
‘Heit’ of ‘Mem’. Foar in soad poppen is it it earste wurdsje dat se brabbelje. Soest sizze dat de Fryske taal mei de brijleppel yngetten wurdt. Dochs is meartalige opfieding net altyd like fanselssprekkend. It tydskrift Heit & Mem motivearret âlden dêrta. Wat begûn as in printe tydskrift is útgroeid ta in multymediaal platfoarm, ûnderstipe troch Afûk – it taalynstitút dat him ynset foar it befoarderjen fan de Fryske taal. Wy sprutsen haadredakteur Dieuwke van der Meer oer de rol dy’t Heit & Mem spilet yn it behâld fan de Fryske taal en hoe’t .frl dêroan bydraacht.
In sterke basis foar meartaligens
It doel fan Heit & Mem is dúdlik: (oansteande) âlden ynformearje oer de foardielen fan meartalige opfieding. “Wy litte sjen dat de Fryske taal net allinnich in thúsgefoel jout, mar ek in wichtige basis is foar de taalûntwikkeling fan bern,” fertelt Dieuwke. “Minsken kenne Heit & Mem fan ús magazine dat twa kear yn it jier ferskynt, en wy hawwe in goedbesochte webside. Fierder binne wy aktyf op sosjale media, jouwe wy de Lytse Heit & Mem út foar âlden (yn ferwachting) fan poppen én meitsje wy in podcast. En dat is noch mar in greep út ús wurk!”
Fan 0 oant 12 jier
De mienskip spilet in grutte rol yn de tastânkomming fan Heit & Mem. “Wy wurkje gear mei âlden en skriuwers om ferhalen te dielen dy’t werkenber binne foar Fryske húshâldingen. In populêre rubryk is ‘Sa prate wy thús’, dêr’t húshâldingen yn fertelle hoe’t se thús ferskillende talen kombinearje. Wy fine altyd húshâldingen mei in moai ferhaal, trochdat de Fryske mienskip aktyf op ús oproppen reagearret en dy dielt. Wy kinne op har rekkenje.”
.frl past ús perfekt
Lange tiid draaide Heit & Mem op in .nl-domein, mar by de ûntwikkeling fan de nije webside wie de kar foar .frl gau makke. “It past perfekt,” seit Dieuwke. “Heit en Mem binne Fryske wurden en wy wolle de Fryske taal en kultuer sa sterk mooglik profilearje. Dan is in Fryske domeinnamme in logyske stap. It ûnderstreket wêr’t wy foar stean en makket fuortdaliks dúdlik dat wy in Frysk platfoarm binne. It is in statement, .frl. As wy it net dogge, wa dan wol?”
Twatalich, mar altyd Frysk op de foargrûn
Heit & Mem is net folslein Frysktalich, en dat is in bewust kar. “Wy binne fóar meartaligens,” leit Dieuwke út. “Net elkenien dy’t Frysk ferstiet, kin it ek goed lêze. Dêrom skriuwe wy guon langere of spesjalistyske artikels yn it Nederlânsk, mar altyd mei in Frysktalige kop derop en quote derby. Sa bliuwt it tagonklik, sûnder dat wy de Fryske identiteit ferlieze.”
In takomst mei Frysk op ’e lippen
Heit & Mem bliuwt him ûntwikkeljen. “Wy besjogge hieltyd hoe’t wy ús doelgroep noch better berikke kinne. De webside, it magazine, sosjale media – it binne allegear middels om âlden te ynspirearjen om har bern meartalich op te fieden. Oft dat no mei it tydskrift op de kofjetafel is of fia in post op Instagram. Wat der ek feroaret, ús kearn bliuwt oerein: de Fryske taal is weardefol, en wy helpe âlden om dat troch te jaan.”
Bisto ek grutsk om as Frysk of yn Fryslân ûndernimmer te wêzen? Claim dan dyn .frl-domein!
Besjoch hjir de fideorige dy’t wy mei de Heit & Mem makke ha: