Registreer .frl
Nijs

It ferhaal fan Keukenwrappen.frl

1 maaie 2024

“Friezen stean bekend as hurde wurkers, dat jout in positive lading oan ús merk.”


Friezen stean bekend om harren ûndernimmersgeast. Sander Reitsma, oprjochter fan Keukenwrappen.frl, is dêr gjin útsûndering op. Woartele yn Bitgum, hat hy altyd in passy foar ûndernimmen hân. Fan jongs ôf seach Sander al kânsen. Sa begûn hy mei it slypjen fan redens doe’t de Fryske marren befrearen en ûntwurp hy affysjes dy’t hy dêrnei opplakte by de lokale iisbaan. Mei dat ûndernimmersbloed sit it dus wol goed!

Keukenwrappen.frl is it bedriuw dêr’t Sander syn ûndernimmersdriuw tsjintwurdich kwyt kin. Troch it wrappen fan keukens, foar partikulieren likegoed as foar saaklike klanten, stekke Sander en syn team mannich keuken yn in nij jaske. Binnen Fryslân, mar ek dêrbûten. Wêrom’t hy keas foar in .frl-domein? Wy fregen it oan Sander.

“De kar foar in .frl-domein wie foar ús fanselssprekkend,” fertelt Sander. “It stiet net allinnich foar ús Fryske roots, mar it leit ek de klam op ús lokale belutsenens en grutskens. Oft wy no in keuken wrappe binnen de provinsje of dêrbûten, wy wolle sjen litte wêr’t wy weikomme en wêr’t wy foar stean. Friezen wurde faak assosjearre mei hurd wurkjen, it binne minsken dêr’tst fan op oan kinst, en se binne altyd op ’e tiid.”

Ek in sterk merk bouwe? Kontrolearje oft dyn .frl-domein beskikber is!