Registreer .frl
Nijs

It ferhaal fan Winterljocht.frl & Decemberlicht.frl

4 juny 2024

“Fryslân is in plak dêr’tst by hearre wolst.”

It is neijier yn 2020, midden yn koroanatiid. It pear Remko Smids & Karina Kroft sitte beide thús. Smids ûntwerper, Kroft teätermakker. De brâns leit hielendal op ’e kont en de beide sitte thús mei harren bern. Kinst dy yntinke dat it net lang duorre oant de Fryske ûndernimmersgeast in ljochtsje brâne liet yn it kreative brein fan de beide.

Se setten op in jûn in projektor yn de kofferbak en rieden nei it sintrum fan Ljouwert. Hjir projektearren se poëtyske ljochtkeunst op gebouwen. En dat rûn al gau út ’e hân. Der folgen rûtes troch ferskillende stêden en wilens binne Kroft & Smids hartstikke suksesfol mei decemberlicht.frl. Dêr kaam al gau winterljocht.frl by, om ek yn oare stêden en doarpen yn Fryslân de tsjustere moannen yn jannewaris, febrewaris en maart te ferljochtsjen.

En it bliuwt net allinnich by Fryslân. Se hawwe grutte plannen. De twa giene yn 2022 al de lânsgrins oer. Op de Light Week yn Stockholm mochten se bygelyks harren bydrage leverje yn de Wike fan de Nobelpriis! Wêrom’t se twa kear keazen foar in .frl-domein foar harren ûndernimmingen? Wy fregen it Smids.

“Ik bin berne yn Fryslân,” fertelt er. “Myn partner, Karina, wenne yn Amsterdam. Dochs wiene wy it der fluch oer iens dat Fryslân in plak is dêr’tst thúshearst. It is in plak dêr’tst by hearre wolst.” Yn de projeksjes sjogge wy ek Frysktalige poëzy werom. “Wy brûke in soad Ingelsk- en Nederlânsktalige sitaten, mar ek Frysk mei fansels net ûntbrekke!”

Ek in sterk merk bouwe? Kontrolearje oft dyn .frl-domein beskikber is!