It ferhaal fan WRK.frl/
27 septimber 2023“Hoechst écht net altyd in pompeblêd te brûken om sjen te litten wêr’tst weikomst.”
Wy stelle dy graach foar oan WRK.frl/: It platfoarm dat skoallen, bedriuwen en de oerheid ferbynt. It doel? Talint yn Fryslân oan in toffe baan helpe en knappe koppen fan bûten de provinsje oanlûke. Want wenje en wurkje yn Fryslân is fantastysk. Om dat boadskip wrâldkundich te meitsjen, brûke sy in .frl. Marleen, Projektmanager by WRK.frl/, fertelt dy der alles oer!
“Wêrom’t wy keazen foar in .frl-domein? Dat is eins bêst logysk. Us platfoarm is ít plak dêr’tst alles lêst oer wenjen en wurkjen yn Fryslân. Om dat boadskip dúdlik te meitsjen, keazen wy net allinnich foar in .frl-domeinnamme, mar namen wy ‘.frl’ ek noch op yn ús logo.
Dat waard hiel goed ûntfongen by bedriuwen en wurk(syk)jenden. Sy fine it geweldich dat wy ús Fryske grutskens sjen litte. Hoechst dus écht net altyd in pompeblêd yn dyn logo te brûken om sjen te litten wêr’tst weikomst. .frl is modern en strak. Dat joech ús imago dus fuortdaliks in boost.
Dêrneist is it in grut foardiel dat elkenien fuort wit wa’tst bist. It soe skande wêze as dy domeinnamme der net wie. Fan ús buorprovinsjes hearre wy wolris dat se der stikem wol in bytsje jaloersk op binne. Dat begripe wy wol. En Fryslân is gewoan in sterk merk. Dêr wolst by hearre!”
Ek in sterk merk bouwe? Kontrolearje oft dyn .frl-domein beskikber is!