Yntroduksje koarte domeinnammen
13 septimber 2022Sûnt 1 oktober 2022 is it mooglik om .frl-domeinen te registrearjen dy’t út 2 tekens bestean. Dit kin elke kombinaasje fan 2 letters, 2 sifers of in letter en in sifer wêze, lykas go.frl, 12.frl of a7.frl.
Op dizze side fynst alles watst witte moatst oer dizze yntroduksje.
Wizigingen yn de Acceptable Use Policy
Per direkt is §i fan de Acceptable Use Policy (AUP) oanpast.
De âlde tekst is: “The confusing use of a 2 character domain name that corresponds to a country code as described in the ISO 3166 alpha 2 standard with the corresponding country code“
De nije tekst is: “The confusing use of a 2 character domain name that corresponds to a country code as described in the ISO 3166 alpha 2 standard by misrepresenting or falsely implying that the registrant or its business is affiliated with a government or country-code manager if such affiliation, sponsorship or endorsement does not exist“
Priiswiziging
Sûnt 14 novimber 2022 wurdt elke ASCII-domeinnamme* dy’t út twa tekens bestiet en dy’t op of nei dy datum registrearre wurdt, sjoen as premium domeinnamme mei hegere prizen foar registraasje en ferlinging. Registrars fine de prizen yn de e-mail dy’t op 13 septimber 2022 stjoerd is; resellers en domeinhâlders nimme kontakt op mei harren registrar foar de prizen.
* In ASCII-domeinnamme is in domeinnamme dy’t allinnich út letters (a-z) en sifers (0-9) bestiet. De priis fan domeinnammen mei oare tekens, lykas â of û, bliuwt ûnferoare.
Tiidline
[SLETTEN] Limited Registration Period (foarrangsfaze)
De yntroduksje fynt plak yn twa fazen: in foarrangsfaze foar spesifike kategoryen en in publike release foar elkenien.
De foarrangsfaze rint fan 1 oktober 2022, 00:00 CEST oant 31 oktober 2022, 23:59 CEST en is foarbehâlden oan oanfregers yn de folgjende kategoryen:
- Oanfragen troch de Nederlânske oerheid
- Oanfragen troch de Nederlânske country code manager (SIDN)
- Oanfragen troch in Fryske lokale oerheid foar de oerienkomstige steds-, doarps-, gemeente- of regionamme yn de Fryske of Nederlânske taal
- Oanfragen troch rjochtspersoanen mei in fêstigingsadres yn Fryslân foar nammen dy’t oerienkomme mei harren merkregistraasje by de Benelux Office for Intellectual Property of de European Union Intellectual Property Office, mits it merk foar 1 septimber 2022 registrearre is.
- Oanfragen foar rjochtspersoanen mei in fêstigingsadres yn Fryslân foar nammen dy’t oerienkomme mei harren bedriuws- of hannelsnamme yn de Nederlânske Keamer fan Keaphannel, mits dy namme foar 1 septimber 2022 registrearre is.
De oanfraach moat troch de registrar per e-mail (ien oanfraach per e-mail) oan lrp@dotlocal.com stjoerd wurde. It formaat is frij, mar op syn minst de folgjende ynformaasje moat jûn wurde:
- De namme en it IANA-ID fan de registrar
- De domeinnamme dy’t oanfrege wurdt
- De kategory dêr’t de domeinnamme yn oanfrege wurdt (nasjonale oerheid, ccTLD registry manager, lokale oerheid, merkhâlder, bedriuws- of hannelsnamme)
- Gegevens fan de domeinhâlder
- Namme fan bedriuw of organisaasje
- Namme fan kontaktpersoan
- Folslein adres
- Telefoannûmer
- E-mailadres
- Relevante dokuminten dêr’t it rjocht op de domeinnamme mei oantoand wurdt, lykas in úttreksel út it KvK of it merkeregister
Foar elke oanfraach krijt de registrar in automatyske ûntfangstbefêstiging. De oanfreger yn de heechste kategory sil de domeinnamme tawiisd krije. As der binnen de heechste kategory meardere oanfregers binne, jildt de datum en tiid fan de automatyske ûntfangstbefêstiging (first come, first served).
Uterlik op 14 novimber 2022 wiist FRLregistry B.V. de domeinnammen ta oan de rjochtmjittige eigener en ynformearret de registrar hjiroer. De registrar ûntfangt in unike koade dêr’t de domeinnamme tsjin it reguliere taryf mei registrearre wurde kin. Foar takomstige ferlingingen fan de domeinnamme jildt ek it reguliere taryf.
Foar elke suksesfolle oanfraach bringt FRLregistry B.V. ienmalige administraasjekosten yn rekkening. Registrars fine de prizen yn de e-mail dy’t op 13 septimber 2022 stjoerd is, resellers en domeinhâlders nimme kontakt op mei harren registrar foar de prizen.
General Availability (publike faze)
Sûnt 14 novimber 2022 om 14:00 CEST kin elkenien in 2-letterdomein registrearje, like maklik as elke oare domeinnamme. Tink derom dat dy domeinen in premiumpriis foar registraasje en ferlinging hawwe.
Utsûnderingen
De folgjende 2-letterdomeinnammen bliuwe reservearre en kinne net registrearre wurde:
- au.frl
- ec.frl
- ep.frl
- eu.frl
- un.frl