Registreer .frl
Nijs

It ferhaal fan DeFryske.frl

6 febrewaris 2024

“Mei .frl jouwe wy ús Fryske identiteit wer.”

By De Fryske hâlde se fan oanpakken. It binne doggers, net allinnich mar roppers. En dat docht bliken. De tsizen fan De Fryske foelen yn ’e smaak by sjuerys oer de hiele wrâld en wûnen gâns prizen. De namme fan it tsiismerk draacht grutsk de Fryske identiteit. En ek de tsiissoarten krigen in Frysktalige namme. Jong Belegere Fryske, Belegere Fryske, Âlde Fryske en Stokâlde Fryske pronkje op de duorsume tsizen. Wêrom’t se derfoar keazen om ek in .frl-domein te brûken? Wy binne like benijd!

“Wy keazen foar .frl om ús sterke Fryske identiteit oan te jaan. Net om ús tsiis regionaal te meitsjen, mar wól om de klam te lizzen op de oarsprong,” fertelt Catharinus Wierda, oprjochter fan De Fryske. “Dy Fryske identiteit ûnderstreket de eigenheid. Soms tinke minsken dat ús tsiis allinnich regionaal te krijen is. En dat binne wy beslist, mar ek de rest fan Nederlân wit ús te finen. Fia ús webwinkel, mar ek yn de supermerk. Wy binne yn dy sin net oars as Gulpener bier of Beemster tsiis. Yn ús merkútstrieling kieze wy derfoar minder ‘Frysk’ te wêzen en lizze wy krekt de fokus op it duorsume karakter fan ús tsiis. Ek al freget ús Fryske profilearring dus soms om wat útlis, it jout ús identiteit wer. Dat is belangryk foar it ferhaal dat wy te fertellen hawwe.”

Ek in sterk merk bouwe? Kontrolearje oft dyn .frl-domein beskikber is!