Registreer .frl
Nijs

It ferhaal fan Hacklab.frl

26 augustus 2024

“As fysyk stúdzjeplak bine wy ús mei .frl bewust oan Fryslân.”

Hacklab.frl is in plak dêr’t elkenien mei ynteresse yn ICT terjochte kin. “Elkenien dy’t iepen stiet om te learen, is wolkom,” fertelt Jelly Paulusma, coach by Hacklab. Jelly follet oan: “Oftst no al wat kennis hast of net – motivaasje is it alderbelangrykste.” It wurkplak is der foar digitale hingjongerein, gamers, skoalferlitters, jongerein binnen it autismespektrum en foar harren dy’t útdaging yn harren hjoeddeistige oplieding misse. Se leare by Hacklab.frl oer ethical hacking, programmearring, lockpicking, en pentesten. Wêrom’t de organisaasje in .frl-domein draacht? Wy giene deroer yn petear.

Jelly fertelt entûsjast: “Us netwurk fan ûndernimmers en organisaasjes dêr’t wy ús studinten mei yn kontakt bringe, sit foar it meastepart yn Fryslân. Dochs komt der altyd in hantsjefol studinten fan bûten de provinsje. It hacklab.frl is in fysyk moetingsplak, dêrom past it .frl-domein goed by ús. It soarget foar in stikje werkenberens yn it Noarden. En dat is yn ús eagen belangryk. Ut ’e gek neame wy it wolris in soarte ‘gimmick’. Mar dat bedoele wy uteraard yn positive sin!”

Ek in sterk merk bouwe? Kontrolearje oft dyn .frl-domein beskikber is!