Registreer .frl
Nijs

It ferhaal fan Jaske.frl

5 april 2024

“Wy binne goed te finen foar Friezen, mar ek foar de rest fan it lân.”

Yn Fryslân binne in soad ûndernimmers. Se wurkje hurd en harren Fryske, eigensinnige aard bringt harren fier. En de grutskens foar de provinsje? Dy spat derôf. Nim bygelyks Jaske: dé mobile garderôbe foar elk evenemint. Hylke Tholen (oprjochter) en twa oare ûndernimmers, tagelyk hechte maten út Wergea, besleaten fiif jier lyn it konsept fan Jaske.frl oer te nimmen. Se tochten it fierder út en waarden suksesfol. Hast elk wykein binne alle sân omtovere seekonteners te finen as mobile garderôbe op in evenemint. Ek bûten de provinsjegrins. Benijd wêrom’t Jaske.frl grutsk is op harren Fryske identiteit? Wy fregen it oan Hylke.

Hylke fertelt: “De namme ‘Jaske’ hong al oan it konsept. Mar wy fûnen it in moaie knypeach nei ús eigen identiteit. De twa freonen mei wa’t ik it konsept oernaam komme ek út Fryslân, dus dy Fryske roots woene wy de klam op lizze. Wy binne grutsk op wêr’t wy weikomme, dat mei hiel Nederlân witte. En bûten de provinsjegrinzen witte se ús ek beslist te finen. Sadwaande kinne wy saken dwaan yn it hiele lân én ús komôf grutsk presintearje. Dat is win-win.”

Ek in sterk merk bouwe? Kontrolearje oft dyn .frl-domein beskikber is!