It ferhaal fan Weidenaar.frl
7 oktober 2024“Mei de Fryske identiteit is Weidenaar grut wurden. In .frl-domein mocht dus net ûntbrekke.”
Al sûnt 1927 is de Fryske drûge woarst fan Weidenaar in begryp. Wilens hat it famyljebedriuw hiel wat ûntwikkelingen trochmakke. No, trije generaasjes letter, binne der mear as 80 minsken yn tsjinst, is der in grutte slachterij en woarstmakkerij yn Dokkum en is it assortimint flink útwreide. Wini Weidenaar, jongste dochter fan de tredde generaasje, fertelt oer it bedriuw en wêrom’t it sa belangryk is om harren Fryske grutskens út te dragen.
In smaakfolle skiednis
“Ik holp ús heit al yn ’e winkel doe’t ik 12 jier âld wie. Ik stie dan achter de toanbank fan de winkel yn ús wenplak Niawier. Us âlden giene eartiids op fakânsje nei Skiermuontseach, dêr’t ús heit ‘wegere’ it fleis yn ’e supermerk op it eilân te keapjen. Hy spruts de eigner oan oer de kwaliteit. Doe dage de supermerkeigner op syn beurt ús heit út om it better te dwaan, en dat gie oan. Fan dat stuit ôf begûn Weidenaar fleis te leverjen op meardere plakken yn Fryslân, letter ek dêrbûten.
Duorsume karren foar de takomst
No stiet myn broer oan it roer. Yn 2014 binne wy fan Niawier nei Dokkum mei it bedriuw ferhuze. Ek myn broer soarget dat it bedriuw him ûntwikkeljen bliuwt. Dus yn Dokkum hawwe wy al fiif kear útwreide. Mar it famyljeresept is hast krekt gelyk as doe’t ‘pake’ de drûge woarst klearmakke. Wy dogge der no allinnich minder sâlt by. Dat is sûner. Wy sette ús ek yn op it mêd fan duorsumens. Sa leit it dak fol sinnepanielen en brûke wy waarmte dy’t frijkomt by kuoljen en friezen om wetter te ferwaarmjen. Wy hawwe gjin restprodukt, want wy ferwurkje alle dielen fan it fleis yn ús gehak en/of drûge woarst. Der is in biologyske produktline en wy brûke 30 prosint minder plestik yn fergelyk mei ferline jier. It plestik dat wy brûke is recycle en dat is frij unyk yn dizze brânsj.
De sterke Fryske identiteit
Wy binne Frysk yn ieren en sinen, wy binne grutsk op ús identiteit. Logyskerwize wolle sjen litte wêr’t wy weikomme. It sit djip yn ús dna en dat uteret him yn de produkten dy’t wy meitsje. Ik ha fiif jier lang dwaande west om de Albert Heijn binnen te heljen. Doe’t dat slagge, sprong ik in gat yn ’e loft. In fertsjintwurdiger fan de supermerkketen sei doe tsjin my: ‘Jullie zijn Fries, dus betrouwbaar. Als jullie ‘ja’ zeggen, is het ook echt ja.’ Yn de retailwrâld makket dat dy dêryn ûnderskiedend. It soe hast dom wêze om dat net yn dyn foardiel te brûken.
In sterk merk
De ferpakkingen fan ús produkten hawwe in Frysk tintsje. Oftst no sljocht bist op Grinzer drûge woarst, Spaanske chorizo leafhast, genietest fan in Drintske drûge woarst of steefêst Riperkrite grillwoarst yn dyn kuorke fynst – de kleuren fan de Fryske flagge en it pompeblêd pronkje op ál ús produkten. Ek ús webside draacht by oan dy profilearring. Mei Weidenaar.frl jouwe wy ús klanten in betrouber gefoel. Dat is hiel weardefol foar it bouwen fan in bân mei de klant. Dus groeie wy rêstich troch en bliuwe wy warber om kwalitatyf goede produkten te meitsjen yn Dokkum. Foar Fryslân, mar beslist ek dêrbûten!”
Benijd hoe’t dat derútsjocht? Sjoch dan dit filmke!
Ek in sterk merk bouwe? Kontrolearje oft dyn .frl-domein beskikber is!